It Krystlamke fan Doeke


It Krystlamke fan Doeke

De wyn beart en de hagekstiennen slaen tsjin it sydeblyn as Doeke it boek “De jonges fan Gaesterlân”, wat er op Sinterklaas krigen hat, ticht slacht. It lêzen wol net rjocht, it is earste Krystjûn en Mem is mei Teatske nei it doarp ta nei it Krystfeest yn ‘e greate tsjerke. Doeke hie oars ek wol nei ’t Krystfeest wollen, mar dan wie Heit allinne op ‘e pleats en dat koe net, want Heit leit siik op bêd. Hy hat de hiele hjerst al omgammele, mar it gerskjen moast earst dien, doe woe er pas nei dokter.

It die bliken, dat Heit slim mei de mage te krijen hie en no moast er earst seis wike op bêd  bliuwe en hy mocht oars hast neat hawwe as molke.

Dat hiet net bêst fansels om ‘er foar it melken hast nimmen te finen wier. Mem  molk no mei âlde Iggele en Doeke holp jouns flink mei en nou ’t er fakânsje hie wie hy deis ek de bêste maten mei de âlde Iggele.

Teatske gong noch op ‘e Sneinskoalle, sadwaande moast Mem einliks wol hinne. Doeke wie 12 jier en krekt fan ’t simmer fan ‘e Sneinskoalle  ôfgongen.

Hy sjucht op  ‘e  klok, it is kertier foar achten  – no sil se wol meiinoar sjonge tinkt er, hwant  healwei achten wie it Krystfeest begongen.

Hy giet oerein en rint de keamer op en del – hy hie dochs wol graech meisjonge wollen –  hoe great soe de Krystbeam wol wêze en hoe it Krystforhael? Doeke moat hjir hyltiten oan tinke.

Heit is yn ‘e sliep fallen, hy wier jouns al bek-ôf, hwant it hie allegearre oanrin west , omke en muoike en net te ferjitten “tante” Gelbrich, in suster fan Heit, dy ’t skoaljuffer is. Nou as dy der is, dan rint de wekker ek ôf, dat it wie gjin wûnder, dat it Heit drok genôch west hie. Doeke lit him mar stil sliepe, dan wurdt Heit miskien gau wer better en dat wol er o sa graach. Sil er mar efkes nei ’t bûthús gean te strontffeien?  Hy lûkt syn oeral en learzens oan en makket ljocht yn ’t bûthús.

Hwat fielt er him greatsk as hy sjocht, dat op ien nei de hiele greate rigele leit. Greate wite plommen  hingje op in rychje boppe de groppe.

Iggele hat juster de sturten wosken mee waei, dan waerden se moai wyt sei er. Doeke hat de sturten allegearre úttiest en wat lykje se no great. en wat binne se wyt . Spitich, dat dy iene ko no noch stiet, hwant oars hie Mem pankoekbakke moatten. Dat seit Pake tominste altyd. 

Mar hy is dochs ek wol in bytsje greatsk,   as er efter dizze kou stiet, hwant dat is Setske 24 en dy hat in wike forlyn  kealle. Hwat in jaer tinke er, gjin wûnder dat dy 34 punten krigen hat. Hy komt wol boppe de tritich liter boer, sei Iggele justerjûn noch tsjin Heit

Hwat is ús lytse boer dochs greatsk yn syn  bûthús, ommers hy is de boer no ’t  Heit siik is. Dêrom moat er ek efkus yn it waar sjen, hwant dat docht heit ek altyd. Hy docht de bûtenlampe op en lûkt de skoattel fan é boppedoar. Hy kin noch net krekt as Heit mei de earmtakken op ‘e ûnderdoar leune, mar dochs kin er it waer goed skôgje. Snie en hagelstiennen lizze noch tsjin de lytsbûthúsmuorre oan, mar it is noch droech. Hy sjocht stjerren en de moanne komt krekt efter in donkere wolk.wei. It is stil bûten – nou stil …. – hy heart dochs hwat !!!???

Earne mient er dat de smjunten  sa ’n lawaei yn ’e  legen  tsjin de grutte feart oan, mar hy heart  ek noch wat oars  en dochs kin hy dat lûd net thús bringe.  It komt út ‘e tsiene  oan ‘e oare kant fan ‘e opfeart wei en dêr rinne de skiep ……. Dan, ynienen fljocht it him troch de holle, –  in lamke – hy heart it lûd fan in lamke. Fan ’t simmer hie Heit noch sa fûtere om ‘t buorman syn raem mar by de skiep bliuwe liet en dy ta trijris ta oer de sleat sprongen wier. Oars neat, hie Heit sein, mar skielk lammen yn ,’e snie.

Mar dat lamke koe net bûten bliuwe, dan gong it grif dea fan ‘e kjeld en dat mocht net. Né, Doeke moast der hinne. Gau lûkt hy syn jas oan, docht de bûtenlampe út, hwant oars sjocht it sa min bûtendoar en giet de bûthúsdoar út. Hy kin it skoan sjen, dat de barte oer de opfeart ôfleit om ‘e molkboat, no moat er by de moune omrinne. Mar dêr jout hy neat om, hwant dat lamke, dat moat binnendoar.

Soe der ien wêze of twa? O, as it nou noch mar libbet. Doeke begjint stees hurder te rinnen – it rint net min, hwant de groun is suver hwat koarstich fan ‘e winter – allinne yn ‘e damen moat ‘r oppasse, dat hy  net yn in spoar rekket. 

Hy is nou ta oan ‘e tsiene-daem ta en heart it âld skiep noch wol roppen, se rinne op’e oare ein; it lûd fan ’t skiep komt út ‘e lege ûnderein. It lamke hat er noch net wer heart, hy sil it him dochs net forbylde  hawwe. Hy wurdt senuweftich en draaft suver it lân oer. Dan is er by it skiep, de hiele keppel is byinoar en ja, dêr lei ien lyts lamke.

Mar och hea, it leit heal yn in greppelmei wetter en snie. Soe it dea wêze?? Hy fielt, né lokkich it kopke beweegt, mar it is o sa kâld.

Hie hy no mar in koekedoaze mei hea meinommen, dêr hat hy net sa gau oan tocht. Mar hoe no, it bistke is sa kâld, sa kâld.  Hy moat it helpe, it moat sa gau mooglik waerm ynpakt wurde, oars giet it fêst dea.

Dan wit hy it. Hy lûkt syn jopper út, docht  de boppeste knopen los, strûpt dy del en lûkt syn trui út.  Dy is waarm en dêr pakt  hy it lamke  lekker  smout yn – dat it syn sneinske trui is, dêr tinkt Doeke net oan.  De klean wer oan en no gau nei hûs, hwant Doeke fielt, dat it stees kâlder wurdt en yn ’t Noarden wurdt de loft suver swart. Sa giet Doeke wer op hûs yn, it lamke op ‘e earm en it  âld skiep flak efter him oan.

Op ‘e hinnereis hie ‘r it ljocht yn ’ t tsjerkje  yn ‘e Buorren wol brânnen sjoen, mar dêr seach er no gjin ljocht bârnen. Dan wie it Krystfeest grif al ôfrûn en miskien wiene Mem en Teatske nou al thús. It wurdt him suver hwat  krap om ’t  hert, want it is krekt as moat hy hyltyd  tinke: “Mem is ûngerêst,  hiest it tsjin Heit sizze moatten.”  Dat er dêr net efkes oan tocht hat.

Hy moat mar goed oanrinne, mar it is krekt as wurde syn fuotten al mar stiver en hy is sa kâld. Syn hannen fielt er hast net mear en hy heart oars net mear as it skiep efter him en in koppel wylde guozzen, dy ’t lûd roppend it súdwesten ynfleane.

No is er by de moune, de wyn gûlt yn ’t levant en de loft is pûrtsjuster. Net bang wêze, Doeke, tinkt er, flink trochrinne. De seize noch lâns en dan de grutte finne oer, dan is er thús. It is krekt as wurdt it lamke hoe langer hoe swierder,  mar it biweecht syn kopke lokkich noch wol. As it no mar yn it libben bliuwt.

Hy drukt it noch stiver tsjin him oan, want it begjint stadich te snijen.Mar de snieflokken wurde grutter en de wyn hellet oan –  in grutte snie-stoarm barst los. De flokken fleane him skeef yn ’t gesicht en syn rjochter wang wurdt  him as iis. Hy kin de reed hast net mear ûnderskiede. As ik earst mar troch de deam  bin  tinkt er, dan gean ik skean de grutte finne oer en dan by de dwersfuorge lâns op ‘e jister ta.

As er yn ‘e finnedaem  is spotte in jerk en ein út it streamgat foar de daem wei, krekt as Doeke op ‘e kant  fan in weinspoar  lâns  prebearret troch de daem te kommen.  Hy skrikt sa dat hy belânnet op knibbels yn it djippe spoar fol snie en wetter. Hy kin hast wol gûle, sa wiet en smoarch fiele syn knibbels en fuotten.  Hy trillet fan klomskens, mar it lamke hâldt er stiif tsjin him oan en sels yn ‘ e daem is dat droech bleaun.

Trochrinne! Trochrinne tinkt er, net stean bliuwe. Mei sydwyn giet er de finne, wol 15 pounsmiet great, oer op nei dedwersgreppel. Syn fuotten wolle hast net mear en hy sjocht bynei neat, want it sniejaget.

De dwersgreppel  liket op it oare  ein fan ‘e wrâld te lizzen – hy rint  mar en rint mar en noch nea dy greppel – soe er dan dochs krekt de reedseker lâns de dwersfuorge foarby gien wêze?

Hy wit it net, hy wit neat mear. Hy is sa warch en kâld en roppe kin er net, hwant syn mûle liket wol stiif.  Wie  ‘r mar wer thús. Doeke kriget triennen yn ‘e eagen.

Mar dan giet ynienen it  âld  skiep foar him stean en stampt mei in foarpoat  yn ‘e grûn  Hy skynt ûnrie te fernimmen en Doeke heart ek hwat.

Dan springt út it tsjuster Bijke – de hiemhûn- nei foarren.

Hy slikket  Doeke syn hân en bigjint foar hjar út te draven. It âld skiep wurdt wer rêstich en Doeke ek,  hwant no is er net mear allinne.

Sa hurd as syn  fuotten  noch wolle  rint  er efter  Bijke oan.  It skynt dat  er yn in wide bocht  roun  is, want hy wie al flak  by de jister.  Nou sjocht er  troch de snieflokken  hinne  ek ljocht  barnen. It is de bûtenlampe   –   soe Mem al sykje ? –   It ljocht  brânt  en  Bijke  wie yn  ‘e skuorre  ! ?

Dan begjint Bijke fan  blidens  lûd te blaffen en  sa komt  Mem  it weinhok út.

Se sjocht Doeke en ropt:  “Blinderse  jonge, hoe  kinst mei sok waer  stikum  de doar út gean.  Heit leit  te switten  op bêd,  it  kin him de dea wol dwaen!!

Hwat is Mem pûrrazend lulk.  Doeke barst yn skriemen út – hat er dan net goed dien en helje  it lytse lamke út it fjild ??

Mar dan sjocht Mem it âld skiep en it kopke op Doeke syn earm. Hja kin oars neat mear útbringe as “Stil mar jonge, Mem hat mis west”

Der wurdt net mear praat,  it âld skiep komt yn ‘e lege hynstestâl en Mem bringt it lamke yn in koekedoaze mei hea by de kachel. Heit kriget yn ‘e  rin wei it  relaes te hearren en moat syn krúk misse, dy komt by it laem yn ‘e doaze.  

Yn it bûthús prebearret Doeke syn learzens út te krijen, mar it wol net. Syn hiele lichem liket ien klompe iis. Mem helpt him en lûkt him de wiete brot út.Dan sjouwt se him nei de kachel – hy is sniewyt – lûkt him droege klean oan en rost him waerm. It waerm wetter, dat op ‘e kachel stiet, komt yn in krúk en dan wurdt Doeke dermei waerm yn ’t bêd  stoppe. Praet wurdt der net mear, Mem en Heit binne ferslein en tagelyk bliid, wylst Doeke skjin oan ein is.

Nachts  dreamt er fan  ‘e greate Herder  en syn skiep – it ferhael  fan ‘e  Sneinskoalle , dat er altyd sa moai  fûn – dy liet ek de keppel allinne om it iene ferdwaelde skiep te rêdden.

It is de oare moarns al oer achten as er wekker wurdt. Mem stiet mei thé foar ’t bêd en seit dat it lamke al dronken hat. Doeke moat earst syn bakje thé mar opdrinke en dan moat er mei nei de keamer fan Heit  en fertelle hoe oft alles justerjoun gongen  is.

Koart en sûnder greatskens fortelt er alles. Heit harket. As er klear is leit Heit  him de hân op ’t skouder  en seit: “Dou wurdst in fikse boeren om ’st  dat lytse lamke it libben rêdden hast, meist it hâlde. It is earlik foar dy”.

Doeke is te bliid om wat to sizzen, dit hie er net ferwachte.

Elts moat dy Sneins noch hearre hoe ’t Doeke samar in Krystlamke krigen hat en fan Pake Doeke krige er noch in echte sulveren ryksdaelder en pake sei: “Dou bist in goede Fries, ik bin greatsk op dy.“

Novimber ’62. Meinte Ringia.


Bekijk hieronder afbeeldingen van het orginele getypte verhaal (1962):