Vogelwacht


Fûgelwacht yn Blessum

De Fûgelwacht Boksum en omkriten is aktyf yn it gebiet fan de doarpen Boksum, Blessum, Deinum en Hilaard. De Fûgelwacht is ûntstien fanut it aaisykjen, mar hat no in bredere basis. Minsken dy’t harren belutsen fiele by it lânskip en de natoer kin lid wurde.

De Fûgelwacht organisearret ferskate aktiviteiten. Filmjûnen, ekskurzjes, ien kear yn ’t jier komt der in blêd út mei ynformaasje en foto’s oer wat der allegear bart yn de natoer om ús doarpen hinne.

Elts jier organisearret de Fûgelwacht ekskurzjes yn it gebiet foar de learlingen fan de basisskoallen.

Derneist hat de Fûgelwacht in fûgelhutte realisearre en in boekje útjûn oer it lânskip, de skiednis en de natoer fan ús gebiet.

Dit boekje hyt ‘Om de Tsjonge hinne’. Der steane, neist ferhalen en prachtige foto’s, ek kaarten yn fan it gebiet tusken de 4 doarpen.

It boekje is te bestellen by bestjoersleden fan de Fûgelwacht.

Tagelyk mei it boekje is ek in webside opset: www.omdetsjongehinne.nl.

Foar dizze webside kin minsken foto’s en ferhalen oer it gebiet ynstjoere; de webmaster soarget der dan foar dat se plaatst wurde. Hjirmei hopet it bestjoer fan de Fûgelwacht in lebendige útwikseling fan ynformaasje, nijs en bysûnderheden op it mêd fan lânskip, skiednis en natoer te krijen.

Mar de wichtichste aktiviteit fan de Fûgelwacht is de neisoarch.

Nei it aaisykjen, geane likernôch 50 leden it fjild yn om nesten te markearen, sadat boeren der mei it lânwurk rekken mei hâlde kinne. De Fûgelwacht wurket in protte gear mei de agraryske natuerferiening ‘Oer de wjuk’ wêryn de boeren út dizze krite aktyf binne mei de soarch foar fûgels en natoer. Ûnder oare wurkje de boeren mei útstelde meandatums en mei plas–dras lan.

Yn it wurkgebiet fan de Fûgelwacht sitte in pear grutte konsintraasjes fan skriezen.

Net tsjinsteande de soarch fan neisoargers en boeren bliuwt de situaasje fan de greidefûgels kritysk. De provinsje, de boeren en de natuerorganisaasjes wêrûnder de fûgelwachten sykje nije manieren om de lânbou te kombinearjen mei de soarch foar lânskip en natoer en dus ek de greidefûgels.

De Fûgelwacht Boksum en omkriten hat sa’n 350 leden ferspraat oer de doarpen.
It doarp Blessum hat yn prosinten de measte leden, want mear as 90% fan de húshâldens is lid fan de Fûgelwacht. De Fûgelwacht is oansluten by de Bond van Friese Vogelwachten. De BFVW hat 23.000 leden en is mei sa’n 5000 neisoargers aktyf op 150.000 hektare lân.

Jo kin lid wurde fan ús feriening foar 5 euro yn it jier. As wolkomstgeskink krije jo dan it boekje ‘Om de Tsjonge hinne´ Jo kin jo opjaan by ien fan de bestjoersleden.

Bestjoer Fûgelwacht:

  • Eize van Ommen, foarsitter, Hilaard
  • SiepTilma, skriuwer, Boksum
  • Thom Hofman, skathâlder, Deinum
  • Janke Bosma, lid, Boksum
  • Rutger Fopma, lid, Hilaard
  • Izaak de Vries, lid, Deinum
  • Jan Mennema, lid, Dronrijp

Pin It on Pinterest