Jiervergadering Doarpsbelangen Blessum, 27 maart 2017


JIERFERGADERING  DOARPSBELANGEN  BLESSUM, 27 maart 2017

Foarsitter Thom Miedema koe op ‘e jierfergadering fan Doarpsbelangen Blessum op 27 maart in kreas tal doarpsgenoaten wolkom hjitte. Trije gemeente-riedsleden wienen kommen om de ‘lûden út it fjild’ op te pikken. Hoe soe dat it oare jier mei Waadhoeke gean as der safolle mear doarpsbelangen en Fierieningen dêrfoar binne?

Meidielings:

It plan fan Arriva om de helte minder kearen te stopjen yn Deinum is, mei troch protesten út Deinum, Boksum en Blessum, ‘fan de baan’. It is noch net dúdlik wannear ’t Blessum in glês’fezel’ferbining krije sil. De nije flakke rinstroken yn de balstiennen paden om de tsjerke hinne sjogge der net al te ‘histoarysk’ út en binne eins ek wat te smel. Der is oerlis mei de gemeente oer ferbettering.  Soargen binne der by ferskate Blessumers oer it drokkere autoferkear yn ‘e Buorren. Te folle bestjoerders ha ek gjin doel oer it riden fan net mear as 30 km yn it oere.

De ferslaggen fan skriuwer Aaltsje de Jong en ponghâlder Henk Jan de Boer wurde goedkard. Beide bestjoersleden wurde werkeazen.

Kommisjes

De ferskate kommisjes (doarpsfjild, feest, histoaryske wurkgroep Sjoch! Blessum, barbekjû, wepside, lytse byp) bringe koart ferslach út. Op 1 july wurdt de Blessumer barbekjû wer hâlden. Sjoch! Blessum freget foto ’s en oare nijsgjirrige saken, lykas ferhalen, oer Blessum. Foto ’s kinne fansels as der in kopy makke is werom.

Boeken foar de lytse (kuolkast)byp moatte fia Margriet Reinalda oanbean wurde. De boeken wurde dan sa behandele dat it net mear mooglik is foar in handelaar om ze te ‘lienen’ en dan te ferfeapjen……

Freonen frege!!

Jan Mennema, foarsitter fan de Pleatslike Kommisje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, betanket de doarpsgenoaten dy ’t meiwurke ha oan it ûnderhâld fan tsjerke en tsjerkhôf.  Geert Geertsma en Durk Brouwer wurde yn dat ramt spesjaal neamd. Durk sil fan 1 july o/m 10 septimber de tsjerke kreatyf ynrjochtsje yn it ramt fan ‘Tsjerkepaad’.

Jan freget de oanwêzigen donateur te wurden fan “Vrienden van de Blessumer kerk”, bedoeld om it ynterieur fan de tsjerke kreas te hâlden en ek praktysker brûkber te meitsjen. Der wurdt tocht oan it ‘mobyl’ meitsjen fan de herebanken, sadat der mear romte is as dat nedich is. Ek de (brân)feiligens  freget ekstra omtinken (en jild)

Bewege om sûner  en liniger te bliuwen

Baukje Mellema fertelt oer it gemeentlik Gebiedsteam, dat ynformaasje en stipe jout bygelyks oer de WMO, partisipaasje, jeugd, finânsjes, wurk en ynkommen.

It Beweechteam, fertsjintwurdige  troch Jennifer Batteram, stimulearret  ‘Menameradiel’ om troch mear te bewegen fit te bliuwen. Op 11 april kin wa ’t wol by Thom thús fierder prate mei de meiwurkers fan it Beweech- en it Gebiedsteam oer wat yn Blessum oars en dus better kinne soe.

Wa ’t bewege wol kin dat yn elts gefal dwaan as dielnimmer oan de kuiertocht yn it ramt fan Ús Jier fan Menameradiel, op sneon 9 septimber troch de doarpen yn ús omjouwing. Ek yn Blessum sil de deilnimmers in nijsgjirrichs program oanbean wurde.

In ynformiel neipetear mei in hapke en in drankje wie it beslút fan de jierfergadering fan Doarpsbelangen Blessum.