Oeral in Blessum


BLESSUM SELS

It ferhaal oer Blessum Sels begjint op de jierfergadering fan Doarpsbelangen yn maart.

Dêr waard praat oer in opfolger fan de Oerals yn Blessum fan 5 en 10 jier lyn. De yn maart foarme wurkgroep kaam mei it útstel ta in oare opset, net mei it doel om ek in protte minsken fan bûten te lûken by in tal (kulturiele) aktiviteiten, mar BLESSUM SELS, troch en foar de eigen ynwenners.

Op útstel fan de inisjatyfgroep, letter ‘Wurkgroep Koördinaasje’, kamen der in ‘Wurkgroep Keunst en Kultuer’, in ’Wurkgroep ???’, in ‘Wurkgroep Iten en Drinken’ en in ‘Wurkgroep Blessum Earder’.

‘Iten en Drinken’ regele dat der mei ynbring fan (fansels!) Blessumer gebakmakkers en itensierders moarns kofje wie ‘mei wat der by’, middeis in folle mear as bôlemiel, tema ‘Wrâldkeuken’, en jûns mei ynbring fan 10 Blessumer Wrâldkoks in Wrâldmiel mei itselde tema. Hast te folle om op te neamen en op te iten.

Ek de soarchbuorkerij wie aktyf belutsen en in tal bewenners kaam te kofjedrinken.

 

Net mear tichtplakt

Nei de kofje tiid foar ‘Keunst en Kultuer’. De bern makken fantastyske bisten en meunsters dy’t yn it jûnsprogram prachtich útljochte toand waarden.

Nei de ‘lunch’ wie der tiid foar in ‘knipperke’ of tarieding op wat fierder op it program stie.

Middeis 4 oere toande ‘Blessum Earder’, middels it fuortlûken fan krantepapier foar in nije tekst troch Winfried Walta, in nij boerd oer de skiednis fan Blessum mei ferwizings nei seis lytse ynfo-buorden yn it doarp. Op it boerd is no ek te lêzen dat de wrâld achter Blessum, troch it Ringiapaad, net mear alhiel tichtplakt is mei krantepapier.

 

Fragen troch Wurkgroep ???

‘Wurkgroep ???’ naam doe it stokje oer mei in spul op basis fan it boekje oer Bert en Hans Heilbron, Joadske ûnderdûkers yn de perioade 1942-1945 te Blessum. Op buortlike wize kamen de dielnimmers yn ’e kunde mei wat him yn it ferline yn Blessum ôfspile hat. Fokke Buma en Anna van der Molen setten yn de rol fan soan en bernsbern fan Hans Heilbron de dielnimmende groepen op it spoar fan de tocht werom yn de tiid. De nije ynformaasjebuorden (noch net yn definitive útfiering) krigen sa ek dalik de oandacht

Nei in treflik miel, werby’t de iene him beheinde ta ien gerjocht en de oare de kar makke foar in grutte fariaasje út de ‘wrâldkeuken’ wie it tiid foar de ôfsluter:

 

“Iepen poadium en feestjûn”.

Petra van der Heuvel hie de funksje fan ‘spreekstalmeester’.

As earste koe hja oankundigje it tonielstikje ‘Postbode Siemen’ treflik spile troch Berdine en Saakje Attema en Rudmer Geertsma.

Nei de hjirboppe al neamde fantastyske kreaasjes fertoande ‘Blessum Earder’ in troch Winfried makke fotosearje fan âld en nij Blessum. Yde Faas betanke Blessum mei in muzikale bydrage op saksofoan foar it feit dat al mear as 40 jier net klage is oer de min of mear muzikale lûden dy’t hy hast eltse dei makket en wer ’t heal Blessum dan fan ‘meigenietsje’ kin (moat…)

Fêst en altyd wer wurdearre programma-ûnderdiel op Blessumer jûnen is it foarlêzen fan in ferhaal troch Rinse de Groot. Diz’ kear út in boek fan Hylke Speerstra.

Om’t it al wat let wie hâldt Blessum in tonielstikje en in optreden fan it nije mingd doarpskoar noch te goede.

59 nammen

De dei waard ôfsluten mei in tankwurd fan Wurkgroep Koördinaasje ‘foarsitter’ Pieter Visser en it sjongen fan it liet Vader Jacob mei as tekst, makke troch Petra, alle 59 nammen fan de folwûksen Blessumers.

Blessum Sels, smakket letterlik en figuerlik nei mear!!