De midsiuwske tsjerke fan Blessum is renovearre en ferbout ta hûskeamer fan it doarp! Op 25 septimber 2025 is de tsjerke iepene troch de Kommissaris fan Fryslân Arno Brok, de wethâlder fan de Waadhoeke Marja van der Meer en de foarsitter fan Alde Fryske Tsjerken Gerben Hoogterp. Sy mochten as earste in winsk ophingje yn de ‘Winskbeam’ in keunstwurk fan Durk Brouwer.
Harren boadskip wie, dizze tsjerke is 750 jier jong en kin op ‘e ny bydragen oan ferbining yn Blessum. As hûskeamer mei aktiviteiten fan en troch it doarp. Sy lokwinskje it doarp mei de ferboude tsjerke en binne der bliid mei dat it monumint troch it te brûken bestean bliuwt.
De tsjerke siet fol mei ynwenners en oare belutsenen. De iepening waard in moai evenemint mei bysunder oargelspel fan Lucas Wiersma en tefreden minsken dy’t sjogge en fiele dat de tsjerke útnoegjend is foar eltsenien. Dit is mooglik makke troch de stichting Alde Fryske Tsjerken, de stipers, it boubedriuw Julianus en it doarp. Yn it bysunder tank oan Kees Postma, Jan Mennema, Jetty vd Kamp en Angelique Esser.










tekst: Albert Forsma
foto’s: Angelique Esser
Recente reacties