Ter ere van de verbouwing van de Mariakerk maakte Durk Brouwer een speciaal kunstwerk. Deze ‘winskbeam’ heeft een plekje in de kerk gekregen. In Durk’s eigen woorden:
“Doe’t ik frege waard om in keunstwurk te meitsjen yn de renovearre tsjerke yn Blessum, wie it my fuortendaliks dúdlik dat it yn de nije frijkommen romte komme moast. In moaie romte no sûnder tsjerkebanken.
De keunstynstallaasje soe (mei in bytsje ferbylding ) in ‘winskbeam’ wurde.
It soe ienfâldich west hawwe om in keunstwurk fanôf de flier op te bouwen, mar ik fûn it wichtich om de nije romte optimaal te brûken en wat fan boppen ôf te meitsjen.
Der wie in gaadlike balk wêr de nylontried mei de latsjes oan hingje koene om sa in ‘winskbeam’ te meitsjen.
De latsjes binne makke fan ôffal planken dy’t tsjinne hawwe as sleatswâl en tige poreus en lichtgewicht troch de wurking fan modder en wetter. Dit jout de plankjes in moaie structuur en se binne unyk yn foarm.
It resultaat is in transparante ‘winskbeam’ mei minimaal gebrûk fan materialen, yn deselde blau/griene kleur as it tsjerkeplafond.“
Durk Brouwer

Recente reacties