Tijdens de drukbezochte nieuwjaarsborrel, 7 januari in de Mariakerk, droeg Thom Miedema een nieuwjaarsgedicht voor:
Nieuwjaarsgedicht
2018 is no ien wike ny
Efkes sjen wat der wie en wat komt der by
2017 Menameradiel foar it lêst
Yn” Us jier” diene ferskate Blessummers harren bêst
Der waard blaasd,en skreaun en roun
Mei elkoar soarchen we der foar dat de gemeente net mei stille trom ferdwoun
Waadhoeke dat is no it boerd wat we ferby komme
We sille ofwachtsje hoe t dat wurd
Mar minsken it giet wol wat al te hurd ,
no t we mar ien stekje oan it begjin fan t doarp tsjin komme
Blessum yn de krante dat wiene wy net went
Frachtauto s die t ferdwaale omdat de tomtom it paad net herkent
Yn 2018 is de ein fan de Blessummerdyk wer goed te fynen
En stiet it wetter ús der net mear tot oan de skynen
Bolstienen by tsjerke der ut en stienen deryn
Dat gie wat te hurd want de kleur stimde net eltsenien mei yn
De rolator s fan de soarch bourkerij
Krigen der dertroch wol in nije wrâld by
De folgende hobbel wie foar harren it roaster yn it Ringia paad
Dat der ek noch ut, dus no komt men al hast tot Hilaard
Winterwille wie der yn it begjin fan it jier
Nei de plasdras te reedriden joech in soad plesier
In maaitiid waarm en droech wie foar in soad minsken in geniet
Mar letter wat in wetter , it waard wiet wiet wiet
En doe mei de klemtoan wat oars kaam de krante wer ferby
Earst yn september letter yn decimber op e’ nij
Blessum docht dan jammer genoch ek mei yn de grutte wrâld
Myn winsk is dat dit soarte fan nijs yn 2018 foar Us doarp ophâld
Wat net yn de krante kommen is
Binne saken wer at Blessum grutsk op is
Soarch foar elkoar en noed foar elk syn gerak
Ald ynwenners mei respect en tradysje nei harren lêste plak
Mei elkoar yn t spier
It hôf, de hage en beamen rounom tsjerke elk jier
Doe op in sneon noch mei faasje
It hiem by Petra, it wie suver wat sensaasje
Want welke kant falt die takke út
Hy moat ferdoarje net troch it rút
Bosmeaners, kettingseachen wat wie it in kabaal
Petra bliid en de mannen mei bûsfol droege woarst oan de haal
We witte net wat 2018 ús bringt
Mar de titel fan Kulturele haadsêd is foar us net nij
Want mienskip der binne wy yn Blessum allang mei bekend
Derom proaste wy net op ik, mar op “WY”
Lokkich Nijjier
Recente reacties