Nieuwjaarsgedicht 2018

Posted By Jeroen on feb 11, 2018 | 0 comments


Tijdens de drukbezochte nieuwjaarsborrel, 7 januari in de Mariakerk, droeg Thom Miedema een nieuwjaarsgedicht voor:

Nieuwjaarsgedicht

2018 is no ien wike ny

Efkes sjen wat der wie en wat komt der by

2017 Menameradiel foar it lêst

Yn” Us jier” diene ferskate Blessummers harren bêst

Der waard blaasd,en skreaun en roun

Mei elkoar soarchen we der foar dat de gemeente net mei stille trom ferdwoun

Waadhoeke dat  is no it boerd wat we ferby  komme

We sille ofwachtsje hoe t dat wurd

Mar minsken it giet wol wat al te hurd ,

no t we mar ien stekje oan it begjin fan t doarp tsjin komme

 

Blessum yn de krante dat wiene wy net went

Frachtauto s die t ferdwaale omdat de tomtom it paad net herkent

Yn 2018 is de ein fan de Blessummerdyk  wer goed te fynen

En stiet it wetter ús der  net mear tot oan de skynen

Bolstienen by tsjerke der ut en stienen deryn

Dat gie wat te hurd want de kleur stimde net eltsenien mei yn

De rolator s fan de soarch bourkerij

Krigen der dertroch wol in nije wrâld by

De folgende hobbel wie foar harren it roaster yn it Ringia paad

Dat der ek noch ut, dus no komt men al hast tot Hilaard

 

Winterwille wie der yn it begjin fan it jier

Nei de plasdras te reedriden joech in soad  plesier

In maaitiid waarm en droech wie foar in soad minsken in geniet

Mar letter wat in wetter  , it waard wiet wiet wiet

En doe mei de klemtoan wat oars kaam de krante wer ferby

Earst yn september letter yn decimber op e’ nij

Blessum docht dan jammer genoch ek mei yn de grutte wrâld

Myn winsk is dat dit soarte fan nijs yn 2018 foar Us doarp ophâld

 

Wat net yn de krante kommen is

Binne saken wer at Blessum grutsk op is

Soarch foar elkoar en noed foar elk syn gerak

Ald ynwenners mei respect en tradysje nei harren lêste plak

 

Mei elkoar yn t spier

It hôf, de hage en beamen rounom tsjerke elk jier

Doe op in sneon noch mei faasje

It hiem by Petra, it wie suver wat sensaasje

Want  welke kant falt die takke út

Hy moat ferdoarje net troch it rút

Bosmeaners, kettingseachen wat wie it in kabaal

Petra bliid en de mannen mei bûsfol droege woarst oan de haal

 

We witte net wat 2018 ús bringt

Mar de titel fan Kulturele haadsêd is foar us net nij

Want mienskip der binne wy yn Blessum allang mei bekend

Derom proaste wy net op ik, mar op “WY”

 

Lokkich Nijjier

 

Submit a Comment

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.